Finkegea wol orizjinele tsjerketoer wer werom

08 jul 2017 - 19:00

Ynwenners fan Finkegea kinne dit wykein mei eigen eagen sjen hoe't it op it stuit rint mei de restauraasje fan har tsjerke. It gebou út 1899 is mei it jild fan 80 húshâldings út it doarp kocht en wurdt op it stuit opknapt. De binnenkant is al foar in grut part klear. De kommende hjerst wurdt úteinset mei de restauraasje fan de bûtenkant.

De tsjerke hat oant no ta al in nije flier krigen, der is ferwaarming oanlein en alles is ferve. De folsleine klus kostet 170.000 euro. Hjirfan is al 156.000 euro binnen, de rest moat noch komme. Mar neffens foarsitter Nico Huppers is dat gjin reden foar soarch. De stichting tinkt sels al fierder, en wol de âlde spitse toer werombringe, dy't yn 1969 fanwege boufallichheid ferfongen waard troch in folle leger sealtek.

Trefwurden: 
tsjerke Finkegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)