Oranje froulju winne 'generale' foar EK mei 5-0 fan Wales

08 jul 2017 - 18:18
Foto: ANP

De Oranje froulju hawwe de lêste test foar it EK yn eigen lân sneon oertsjûgjend trochstien, troch yn Rotterdam mei 5-0 fan Wales te winnen. De Oranje froulju iepenje it EK nije wike snein yn Utrecht tsjin Noarwegen. Bûnscoach Sarina Wiegman stjoerde yn it stadion fan Sparta har sterkste opstelling it fjild yn, mei Sherida Spitse út Snits yn de basis. Keepster Loes Geurts fan Hichtum siet op de bank. De bûnscoach jout op dit stuit op dy posysje de foarkar oan Sari van Veenendaal.

Foar fiiftûzen taskôgers hie Oranje net folle muoite mei it swakke Wales, al hiene de froulju noch wol faker skoare kinnen.

Trefwurden: 
fuotbal Oranje froulju
(Advertinsje)
(Advertinsje)