Seisbierrum-Pitersbierrum wint Jong Nederlânpartij yn Wier

08 jul 2017 - 17:49

It partoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum hat sneon it Nederlânsk Kampioenskip foar junioaren wûn. Yn de finale wiene Durk Ennema, Pieter van der Schoot en Joran Gerbranda folle sterker as Frjentsjer. It slagge Djurre Seerden, Allard Hoekstra en Marco de Groot net om in earst te pakken tsjin Seisbierrum-Pitersbierrum. Oer de hiele dei krige Seisbierrum-Pitersbierrum mar twa earsten tsjin.

De tredde priis gie nei Easterein. Bote Jellema, Rémon Tie Bouma en Doede Rients Okkema ferlearen yn de heale finale mei 5-3, 6-4 fan Frjentsjer. It wie foar Seisbierrum-Pitersbierrum de tredde kear yn de skiednis dat it doarp de Jong Nederlânpartij wûn. Dat barde earder yn 1977 en 1979. Ien fan de priiswinners fan doe wie Johannes Brandsma.

Trefwurden: 
Jong Nederlân keatsen
(advertinsje)
(advertinsje)