Nynke Themmen is boargemaster

26 okt 2011 - 17:19

Nynke Themmen fan groep 8 fan de Foeke Sjoerds Skoalle yn Easternijtsjerk is keazen ta de nije berneboargemaster fan Dongeradiel. Se wurdt tongersdei offisjeel ynstallearre ûnder de gemeenteried. Dan wurdt ek ôfskied naam fan de Maud Hoogland, de eardere berneboargemaster.

De gadingmakkers moasten har woansdei presintearje yn it gemeentehûs yn Dokkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)