Pieter Weening pakt de berchtrui yn de Ronde fan Eastenryk

08 jul 2017 - 17:22
Pieter Weening mei him no ek 'Glocknerkönig' neame - Foto: Österreich Rundfahrt

Pieter Weening hat sneon de Ronde fan Eastenryk ôfsletten mei it winnen fan de berchtrui. Weening pakte sneon punten op alle trije cols en dat wie genôch om Stephan Rabitsch de berchtrui te ûntfytmanjen. Troch syn sterke optreden yn de Alpen mei Weening him no ek 'Glocknerkönig' neame, de kening fan de Grossglockner.

De einoerwinning gie nei Stefan Denifl. Syn blauwe liederstrui kaam op de sechde en lêste dei fan de Ronde net mear yn gefaar. De lêste etappe mei de einstreek yn Wels waard wûn troch de Frânsman Clement Venturini.

(Advertinsje)
(Advertinsje)