Nije fytstunnel Frjentsjer hjit Wetterwillewei

08 jul 2017 - 16:51

De fytstunnel dy't de Frjentsjerter wyk Skalsumerplan ferbynt mei de binnenstêd hat de namme Wetterwillewei krigen. Sneon hat wethâlder Joop Bekkema de namme bekend makke. Ynwenners fan Frjentsjer koene sels in namme ynstjoere. Mei-inoar hawwe 170 minsken dat dien. Uteinlik hat de sjuery keazen foar Wetterwillewei. Dy namme is betocht troch buertbewenner Geert Tromp.

De fytstunnel is in inisjatyf fan keunstner Karin van Berne. Sy ferhuze nei Frjentsjer en fytste faak troch de grize tunnel. Se fûn de tunnel sa ûnkreas en kaam mei it idee om mei de buert de tunnel op te kreazjen.

Trefwurden: 
fytstunnel
(Advertinsje)
(Advertinsje)