Iepen dei SC Cambuur lûkt 2500 supporters

08 jul 2017 - 16:38

De iepen dei fan Sportclub Cambuur is sneon goed ferrûn. Oer de hiele dei kamen sa'n 2500 supporters nei it Cambuur-stadion. Der wie foaral in soad drokte by de stands mei de nije Cambuur-shirts. Dêr waard goed saken dien.

De iepen dei is meastentiids in wike foar it begjin fan de kompetysje mar omdat it dan boufak is, is keazen foar in eardere datum. En dat blykt mei alle drokte in skot yn 'e roas te wêzen. Cambuur begint de kompetysje op freed 18 augustus mei in thúswedstryd tsjin Jong Ajax.

Trefwurden: 
fuotbal iepen dei SC Cambuur
(advertinsje)
(advertinsje)