Stefan van der Pal en Geke Venema winne Frysman triatlon

08 jul 2017 - 16:30

Stefan van der Pal fan Ljouwert hat sneon de tredde edysje fan de Frysman triatlon wûn. Hy kaam op it Reaklif by Warns as earste út it wetter nei 3,8 kilometer swimmen en hie ek de lieding nei 180 kilometer hurdfytsen, mar it ferskil mei Jacob Veenstra út Surhuzum waard hiel lyts. Mei de maraton rûn it ferskil wer op nei 3 minuten, mar yn it lêste rûntsje waard it gatsje wer lytser.

De eintiid fan Stefan van der Pal wie 8.56.03, de eintiid fan Jacob Veenstra wie 8.57.02. Foar Stefan van der Pal wie it in parkoersrekôr, mar ek in persoanlik rekôr. Van der Pal wie ek de winner fan 2016.

By de froulju gie de oerwinning, krekt as ferline jier, nei Geke Venema fan Easterlittens. Har eintiid wie 10.31.13 en is in parkoersrekôr.

(Advertinsje)
(Advertinsje)