Feart fersmoarge troch maleur mei brêge De Gordyk

De Grouster brânwacht pleatste oaljeskermen yn de feart © Brânwacht Grou
It oerflaktewetter fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart op De Gordyk rekke sneon fersmoarge troch in maleur oan de Overtoombrêge. Provinsjale Wettersteat gie dêr sneon hinne foar in spoedreparaasje, mar koe net foarkomme, dat der oalje yn de feart bedarre.

Op fersyk fan Wetterskip Fryslân hat de brânwacht fan Grou oaljeskermen pleatst om te foarkommen dat de oaljefersmoarging him fierder ferspriedt. De Overtoombrêge kin foarearst net betsjinne wurde. It is noch net rjocht dúdlik oant hoe lang de brêge bûten gebrûk wêze sil.