Iepen dei akwadukt Harns lûkt soad folk

Harnzers en oare belangstellenden hienen sneon de kâns om even yn de bouput te sjen fan it nije akwadukt yn de N31. Dêr waard massaal gebrûk fan makke. Neffens de organisaasje luts de iepen dei mear as tûzen nijsgjirrigen. It waard sels sa drok dat besikers op inoar wachtsje moasten om de bouput fan boppe te besjen. In part fan it poadium dat makke wie foar de iepen dei begûn troch te sakjen en waard dêrom om feilichheidsredenen ôfsletten. Foar guon besikers wie de steile trep nei de bouput wol in obstakel.
It Harnzer akwadukt is foar de útfierder perfoarst net maklik. Dochs leit it wurk goed op skema. Nei ferwachting kin it ferkear oer in pear moanne troch it akwadukt ride.