Sherida Spitse yn basis Oranje froulju tsjin Wales

08 jul 2017 - 15:22
De seleksje fan de Oranje froulju foar it EK yn eigen lân - Foto: ANP

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits start sneontemiddei yn Rotterdam yn de basis yn de lêste oefenwedstriid fan de Oranje froulju. De froulju oefenje foar it EK dat takom wike snein yn Nederlân útein set. Tsjinstanner fan sneon is Wales.

Lykas by de manlju is de lêste oefenwedstriid de offisjele 'útswaaiwedstriid' fan it team. Keepster Loes Geurts fan Hichtum begjint op de bank, omdat Sari van Veenendaal hersteld is fan in ljiskblessuere en har fêste plak ûnder de latte wer ynnimt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)