Plysje hâldt faker ferkearskontrôle mei ûnopfallende camper

08 jul 2017 - 14:26

De plysje sil de kommende moannen faker mei in ûnopfallende camper ferkearskontrôles hâlde op de A7, ûnder oare by De Jouwer. Ut de camper wei kin de plysje goed sjen as automobilisten ûnder it riden mei har telefoan dwaande binne. Dat is in wichtige oarsaak fan ûngelokken op de A7.

Yn febrewaris hold de plysje in trijedaagse kontrôle wêrby't in camper brûkt waard. Doe waarden hast 250 boetes útdield. Goed twatûzen Friezen hawwe yn it ramt fan de aksje A7 Attent fia Facebook tasein dat se net har telefoan brûke as se achter it stjoer sitte.

Rykswettersteat en de plysje ha dy aksje betocht om minsken der bewust fan te meitsjen dat it gefaarlik is om je telefoan te brûken as je oan it riden binne.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle camper A7
(Advertinsje)
(Advertinsje)