Paraswimmers Noard-Nederlân krije donaasje

09 jul 2017 - 09:00

De paraswimmers yn Noard Nederlân wolle mear trainingsoeren foar harren sporters. Om dit te berikken hawwe se jild krigen fan de Stichting Waterpolo Fryslân. It giet om in sjek fan 450 euro. It jild is ophelle mei de ManMeer!-Cup, troch de ferkeap fan sûkerbôlen en sûkelade.

Earder krigen de swimmers mei in beheining ek al teamoutfits fan Sport Fryslân en de Ljouwerter Krante. Yn novimber binne de Noardlike Skoalkampioenskippen Paraswimmen. 

Op sneon 31 maart 2018 is der wer in ManMeer!-Cup foar in goed doel. Hokker doel is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)