Aak fan Moddergat nei tsien jier op it drûge takele

08 jul 2017 - 12:31

De Aak fan Moddergat, de WL19, leit nei tsien jier wer op it drûge. Yn Dokkumer Nije Silen is it 20.000 kilo swiere skip út it wetter takele en op stativen set. De lêste tsien jier hawwe frijwilligers dwaande west mei it opknappen fan de boppekant fan it skip. De kommende moannen wurdt de ûnderkant en it dek wetterticht makke.

De aak is yn 1871 boud as platboaiem fiskersskip. De WL19 is by de fiskersramp fan Peazens-Moddergat yn 1883 fêstrûn en stikken slein. Letter binne der wrakstikken fan it skip fûn by de kust fan Grinslân. De boutekening fan de aak bleau bewarre en dêrtroch koene de frijwilligers fan museum It Fískershúske yn Moddergat it skip opnij bouwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)