Strânbiblioteek Makkum wer iepen

08 jul 2017 - 11:31
Boeken biblioteek - Foto: ANP XTRA

De strânbiblioteek op it strân fan Makkum is fan dizze sneon ôf wer iepen, oant en mei sneon 27 augustus. Dat is foar it alfde jier. Minsken kinne der fergees gebrûk fan meitsje en hoege gjin lid te wêzen fan in biblioteek. De boeken moatte oan de ein fan de dei wer ynlevere wurde.

Foar fakânsjegongers dy't langer yn Makkum bliuwe, binne der spesjale simmerabonneminten. Op woansdeis en sneons binne der foar bern allegear aktiviteiten by de strânbyb.

Trefwurden: 
strân biblioteek Makkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)