Soad publyk by start tredde Frysman-triatlon

De tredde edysje fan de Frysman-triatlon is sneontemoarn betiid ûnder grutte publike belangstelling úteinset by it Reaklif. De Frysman is in folsleine triatlon, dus 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en in maraton fan 42,2 kilometer hurdrinne.
Der binne dit jier sa'n 150 dielnimmers, mear as it dûbele yn fergeliking mei ferline jier, en de triatlon is dêrmei folboekt. De rûtes rinne troch Gaasterlân en troch de omkriten fan Warns. It startskot waard lost troch Sterke Man Wout Zijlstra.
De organisaasje is bliid mei de grutte belangstelling foar it evenemint. "De start wie om 07.00 oere en dat is foar de measte minsken net in tiid om oan de râne fan de Iselmar te stean, mar it wie hartstikke drok. Wy binne al tige grutsk op wat der op ôfkommen is", seit foarsitter Tsjeard Hofstra fan de organisaasje.
Para-atleet
Dit jier docht der foar it earst in para-atleet mei oan de Frysman. It giet om de Drachtster Gerrit Dijkstra. Ek de winners fan de foarige edysje, Stefan van der Pal by de manlju en Geke Venema by de froulju, dogge diskear wer mei.
It dielnimmersfjild telt boppedat hast tritich atleten út de ynternasjonale triatlonwrâld, ûnder oare út België, Dútslân, Slovenië en Sweden.