Kollum: "Dreamen"

08 jul 2017 - 08:33

"Rients Gratama besong it yn ien fan syn lieten. Fytsende bern, troch waar en wyn op wei nei harren skoalle. Yn kloften, alle dagen wer. Op grûn fan harren talinten ferspriede se harren nei de gebouwen dêr’t se op harren nivo les krije. In treffend byld fan wat je sa foar je hûs delkommen sjogge as je oan ien fan de oanfierrûtes wenje. Meastal fansels mei trije neist elkoar, wylst se echt wol witte dat soks net mei, mar it praat folle makliker. Tsjintwurdich hearre je guon al fan fier oankommen mei harren mobile beatboksen en bypassende dancebasdreunen. Mar yn prinsipe is der neat feroare, elts folget de lessen en giet middeis wer nei hûs om de folgjende dei itselde ritueel wer út te fieren.

Nei in oantal jierren, de ien fjouwer, in oar fiif of seis, dogge de bern harren eksamen en slute dêrmei wer in episoade yn harren libben ôf. It fuortset ûnderwiis makket foar guon plak foar wurk, oaren lûke yn in saneamd tuskenjier de wide wrâld yn om moaie dingen te sjen en miskien om jild te fertsjinjen dat se letter brûke kinne om fierder te learen. De measte bern ha harren al lang ferdjippe yn wat se nei de middelbere skoalle dwaan sille, foar harren begjint it libben as studint op ien fan de universiteiten.

Dizze wike sieten wy mei in hiele soad âlders, pakes en beppes en oare kunde yn in ta feestseal omtovere sporthal yn Drachten, omdat ús dochter dit jier ek eksamen dien hat. Ik ha lêst fan klaustrofoby, dus fine jo my altyd flak by in doar en leafst op de lêste stoel fan in rige, tsjin it paad oan. Dat hat as foardiel dat ik de measte minsken binnenkommen sjen kin en dat is en bliuwt moai. De diploma útrikking fan ien fan je bern is in barren dat net al te faak foarkomt, dus de kopkes fan guon âlders wienen krekt sa spand as dy fan harren krekt slagge neiteam. Yn in pear sinnen krige eltse learling in typearring fan wat de skoalle yn de seis jier foar byld fan harren krigen hie. It foel my op dat der ek bern wienen dy’t dit jier net slaggen, mar wol by harren klasgenoaten harren feestje wêze woenen. Dat fyn ik knap moedich, want my sakke eartiids de moed al yn de skuon as ik überhaupt nei skoalle moast. It wie net my ding, sis mar. Dus respekt foar de helden en heldinnen dy’t oar jier grif wol slagje sille.

Nei in net al te lange speech fan de rektor gie it los mei it tekenjen fan de diploma’s. En dan sjogge je se nei foaren kommen. De iene noch kreazer yn it pak as de oare, bern, nee, jong folwoeksenen. Allegearre slagge, allegearre mei in idee oer letter dat nei alle ferwachtings noch 100 kear bysteld wurde sil. Mar allegearre mei dreamen.

Guon wolle frijwilligerswurk dwaan yn earme lannen, oaren ha as heechste doel in bak jild te fertsjinjen, wer oaren sjogge harren takomst yn de keunsten, filmyndustry of yn de technyske wrâld.

De measte âlders ha dy bern as lytse poppe yn in widze lein, se ha harren opjûn by it gemeentehûs, se ha in bankrekken foar harren iepene, se ha om harren lake, se ha lilk op harren west omdat se dwers wienen. Mar neat hat de bern der fan wjerhâlde kinnen om te dreamen. Sy, de bern, steane oan it begjin fan wat kommen giet. Hooplik komme harren moaie dreamen út."

(Advertinsje)
(Advertinsje)