Politisy mei trekker en wein op ekskurzje nei fûgelikkers

08 jul 2017 - 08:10

Agrarysk natuerbehear wurdt faak assosjearre mei melkfeebedriuwen. Dat byld is net folslein, want sûnt twa jier lizze hieltyd mear bouboeren yn it noarden fan Fryslân fûgelikkers oan. Dat bart ûnder oare yn de omkriten fan Ie en Ingwierrum.

Om sjen te litten wat fûgelikkers krekt binne joech agrarysk kollektyf Waadrâne freedtejûn in rûnlieding oan Fryske politisy en oare belangstellenden lâns de ikkers fan Ingwierrum. It selskip gie op twa boereweinen achter in trekker it fjild yn mei bouboer Pyt Sipma as gids. Sa koene se sjen dat in fûgelikker ynrjochte is mei ferskate gewaaksen, wêrtroch't it der noflik wurdt foar fûgels om te brieden en de pykjes grut te bringen.

Mear fûgels

De resultaten fan de fûgelikkers neamt Sipma 'bemoedigjend'. De bouboeren en de oare Ingwierrumers sjogge folle mear greidefûgels, mar se sjogge ek mear rôffûgels, dy't dy greidefûgels wer bejeie.

Njonken de fûgelikkers wurkje de bouboeren ek mei krûderike rânen lâns it boulân. Foar de ikkers krije de boeren in fergoeding fan de provinsje. Hjiroer binne ôfspraken makke oant 2021. De 108 dielnimmers fan agrarysk kollektyf Waadrâne wolle graach dat dy ôfspraken langer trochrinne.

Ferbean

Der binne fierder ek wol regels dêr't de boeren tsjinoan rinne. Se soene bygelyks graach de mooglikheid hawwe om rûge dong út te riden oer de perselen foar agrarysk natuerbehear, mar dat is ferbean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)