FryslânPhoto krijt 10.000 euro fan Oranje Fonds

© Jan de Boer
It FryslânPhoto festival yn Ljouwert krijt in finansjele bydrage fan 10.000 euro fan it Oranje Fonds. It jild is bestimd foar in partisipaasjeprojekt foar flechtlingen. Tweintich pear flechtlingen en wykbewenners út Ljouwert fotografearje elkoars leefomjouwing. It doel is om elkoar kennen te learen en foaroardielen fuort te nimmen.
De duo's krije help fan in profesjonele fotograaf. Fan it projekt wurdt in foto-eksposysje makke en ek komme der temabyienkomsten oer yntegraasje. It FryslânPhoto festival fynt plak fan 5 oant en mei 29 oktober.