Eask: 21 moannen sel foar Tilster drugsdealer

07 jul 2017 - 22:01
Speed - Foto: ANP XTRA

Tsjin in 31-jierrige man út Koatstertille is 21 moannen finzenisstraf easke foar it meitsjen fan en hanneljen yn harddrugs. De fertochte wurdt ferwiten dat er twa jier lang speed, xtc en ghb deald hat. Ek soe er sels ghb makke ha. Hysels ûntkent dit.

Neffens him kocht er de drugs foar freonen. Njonken de drugs, fûn de plysje by in hússiking ek wapens; in stroomstjitwapen en in fjoerwapen, en munysje.

De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)