Kuperus, Hofstra en Scheepstra winne keatserij yn Boalsert

07 jul 2017 - 21:09
Foto: Henk Bootsma

It partoer fan Joukje Kuperus, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra hat freedtejûn it haadklassekeatsen trochinoar lotsjen yn Boalstert wûn. Yn de finale wienen se mei 5-5 en 6-0 te sterk foar Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Sjanet Wijnia.

De lytse preemje wie foar it partoer fan Louise Krol, Martine Tiemersma en Jeske de Boer. Sy wûnen mei 5-1 en 6-2 fan Tineke Dijkstra Hermine Sytema en Jennie Terpstra. Kommende snein spylje de haadklassers de frije formaasje partij yn Boalsert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)