Eaststellingwervers moatte de sel yn foar mishanneling

07 jul 2017 - 21:30
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Twa manlju út Eaststellingwerf binne feroardiele ta finzenisstraffen foar mishanneling en iepenlike geweldpleging. It giet om in 59-jierrige ynwenner fan Waskemar en in 49-jierrige Haulerwykster. De earste krige trije moanne sel en trije moanne ûnder betingst. De twadde krige tsien moanne sel, wêrfan fjouwer ûnder betingst.

Njonken de selstraf moatte de twa harren behannelje litte foar harren drankferslaving. De Haulerwykster hat ek in rydûntsizzing fan sân moannen krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)