Cambuur wint earste oefenpot oertsjûgjend fan DTD: 7-1

07 jul 2017 - 21:04

Sportklup Cambuur hat freedtejûn de earste oefenwedstriid fan it nije fuotbalseizoen winnend ôfsletten. Yn Jelsum waard de tradisjonele seizoensiepener tsjin de amateurs fan DTD wûn mei 7-1. Martijn Barto iepene nei tweintich minuten de skoare foar Cambuur. Trije minuten letter wie it opnij raak troch in goal fan Ricardo Kip en net folle letter makke Alvin Daniels syn earste foar Cambuur en stie it 3-0.

Nei it skoft wie it fuort wer raak foar Cambuur. Diskear skoarde Noureddine Boutzamar. Rutger Etten makke dêrnei de 5-0 en de 6-0, foardat Daan Boerlage fan Cambuur en Ybele Reitsma fan DTD út penaltys de 7-0 en de einstân fan 7-1 op it skoareboerd setten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)