Plysje rôlet himpkwekerij yn Bakkefean op

(foto as yllustraasje) © Facebook Plysje Ljouwert en omkriten
De plysje hat freed in himpkwekerij oprôle op de Lytse Kamp yn Bakkefean. Op de souder fan it hûs waarden 150 grutte himpplanten fûn. Dizze binne yn beslach naam en ferneatige.
Yn de wenning waard net ien oantroffen, de plysje is noch dwaande nei it ûndersyk nei de fertochten.