Friesland College brûkte as iennige nij eksamen autotechnyk

07 jul 2017 - 17:27

It Friesland College op It Hearrenfean is de iennichste skoalle fan Nederlân dy't it nije eksamen brûkt hat, dat de learlingen autotechnyk sa min makke ha. Trijekwart fan de Fryske learlingen hat dat eksamen net helle. De oplieding is oan it feroarjen, en dêrom moatte de eksamens ek nei in heger plan tild wurde. De wurkjouwers yn de autobransjz kleie al jierren oer it nivo fan de oplieding foar automonteurs.

Easken oanskerpje

It ministearje fan Underwiis wol dêrom de easken foar de oplieding oanskerpje en hat dêrfoar de stichting Examens Mobiliteitsbranche opdracht jûn de nije eksamens oan te passen. De measte MBO's hawwe besletten om dizze nije eksamens pas takom jier yn te fieren, mar it Friesland College hat dat dit jier al dien.

Dat betsjut dat de latte foar de Fryske eksamenkandidaten heger lei as dy yn de rest yn ús lân. Dat hat de direksje fan it Friesland College ek ynsjoen. Uterlik tiisdei wurdt bekend makke hokker oplossing de dupearre eksamenkandidaten oanbean wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)