Pieter Weening tredde yn fiifde etappe Ronde fan Eastenryk

07 jul 2017 - 17:01
Pieter Weening - Foto: ANP

Hurdfytser Pieter Weening is freedtemiddei tredde wurden yn de fiifde etappe fan de Ronde fan Eastenryk. Yn de swiere berchrit oer fjouwer cols siet de 36-jierrige Weening lang yn de kopgroep, mar hy moast úteinlik winner Ben O'Connor út Australië en nûmer twa Riccardo Zoidl út Eastenryk gean litte.

Weening joech úteinlik 1 minút en 40 sekonden ta. Yn it algemien klassemint stiet er op it tolfde plak op 3.19 fan lieder Stefan Denifl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)