Wurksumheden: Europaplein dit wykein ôfsletten

07 jul 2017 - 18:45

Ferkear kin dit wykein net oer it Europaplein yn Ljouwert yn ferbân mei wurksumheden. Fan freedtejûn sân oere oant en mei moandeitemoarn fiif oere is de rotonde ôfsletten. By it Europaplein stean buorden wêrop't de omliedingen oanjûn stean.

Der wurde dit wykein daamwandplanken pleatst, dy't ûnderdiel binne fan in grutte renovaasje. It nije Europaplein moat yn desimber 2017 klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)