Simmerskoalle yn Snits om Nederlânske taal by te spikerjen

07 jul 2017 - 16:32
Foto: ANP

Learlingen fan de ynternasjonale skeakelklasse yn Snits kinne fan 't simmer twa wiken ekstra nei skoalle. De gemeente Súdwest-Fryslân regelet dat yn gearwurking mei de skeakelklasse en skoallemienskip RSG yn Snits. Reden is dat oarstalige jongeren yn de fakânsjeperioade hast gjin Nederlânsk prate en hearre. Dat sakket bot fuort, sadat se it nije skoaljier mei in efterstân begjinne. Yn de skeakelklasse sitte bern dy't yn it azc yn Snits wenje en bern dy't in ferbliuwsfergunning ha en noch oan it ynboargerjen binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)