Fryske festivals yn july: wêr moatte wy hinne?

07 jul 2017 - 16:09
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Simmer yn Fryslân! De PC, de Snitswike, de Freule….wy kenne se allegearre wol, mar wat no ast neat mei al dy simmersporten hast, is der dan noch wol in leuke en spannende Simmer yn Fryslân mooglik? Gjin noed, want ús provinsje hat de kommende wiken in grut ferskaat oan allerhande festivals. En dêr sitte ek fêst wol wat eveneminten foar dy by. Wy hawwe foar dy in handige gids makke, sadatst yn ien kear sjen kinst wêr ast hinne moatst dizze Simmer.


FARMFEST
7 o/m 9 july
Aldetrine
Kosten: sa'n € 12,50
https://www.farmfest.nl/

Kultuer, mar ek muzyk en dat midden yn ‘e greide. Klinkt dat yn dyn earen as in gouden kombinaasje? Spring dan mar op ‘e trekker want dan is Farmfest wol wat foar dy. Der is dance muzyk, mar ek rock en in lyts bytsje metal.

MADNES
7 o/m 9 july
Nes (It Amelân)
Kosten: € 119,50
http://www.madnesfestival.nl/

Meist it hast in klassiker neame yn de Fryske Festival line-up: MadNes op It Amelân. It festival wurdt dit jier alwer foar de tsiende kear hâlden en kombinearret al dy jierren mei sukses de wrâld fan it surfen en skaten, mei dy fan de muzyk. Kite-, wyn- of golfsurfe oant datst derby delfalst, en dûnsje op de muzyk fan 45 ferskate bands en DJ’s.

WELCOME TO THE VILLAGE
21 o/m 23 july
Ljouwert
Kosten: fan € 45,- ôf
http://welcometothevillage.nl/

Wolst no efkes hielendal der tuskenút, dan is in wykeintsje fuort nei Welcome to the Village wol in opsje. Se hawwe alles: muzyk, kultuer, iten en kinst ek noch de camping op! De muzyk is wat oan de alternative kant, mar de hits fan Franz Ferdinand hast fêst wolris op de radio heard. En oars binne der alderhanne oare bandsjes dy’t hurd harren bêst dogge om dy as fan te winnen.

POPCITY
23 july
Drachten
Kosten: Fergees
http://www.popcity.nl/

Dochs mar net dat wykeintsje fuort? Dan is Popcity in prima alternatyf, moai yn Drachten en is ek nochris fergees. Dat der gjin jild betelle hoecht te wurden foar de entree betsjut lykwols net dat der mindere bands regele binne. PopCity hat sels grutte nammen binnenhelle lykas: de Staat, Ali B en TenTemPies. Mei wat moai waar en in lekker drankje (want der is dochs jild oer) is it fêst goed te dwaan yn Drachten.

SPLASHTIVAL
29 july
Grou
Kosten: € 15,-
http://www.splashtival.nl/

Dancebeats, sinneskyn waar en strân. Nee, net op Ibiza mar yn Grou. Splashtival kombinearret de twa bêste yngrediïnten fan de simmer: wetter en in festival. De line-up is noch net bekend, mar do kinst benammen Dance ferwachtsje op it strân fan Grou. Gjin djoer ticket nei de Spaanske costa, mar 15 euro nei Costa del Grou.

Trefwurden: 
festival july
(Advertinsje)
(Advertinsje)