Wetterynstitút Wetsus bliuwt oant 2030 yn Ljouwert

07 jul 2017 - 15:41

Wetterkennisynstitút Wetsus bliuwt sa goed as wis oant 2030 yn Ljouwert. De direksje moat noch in akkoart slute mei de provinsje en de gemeente Ljouwert oer finansjele stipe nei 2021. Mar yn in yntinsjeferklearring is al fêstlein dat de trije partijen mei-inoar fierder gean oant it jier 2030.

Nije banen, en start-ups

Wetsus presintearre freed in rapport oer de ekonomyske betsjutting fan it ynstitút fan 2005 oant no ta. Dêrút blykt dat it oant no ta sa'n 225 oant 320 direkte en yndirekte banen opsmiten hat. It tal oan ûndersyk fan Wetsus relatearre nije bedriuwen (start-ups) leit op sa'n 30. Neffens direkteur Johannes Boonstra fan Wetsus bliuwe de measte start-ups yn Ljouwert en de provinsje hingjen. Ek komme bedriuwen dy't mei de kennis fan Wetsus wurkje bytiden dizze kant op.

It budzjet fan Wetsus bestiet foar de helte út oerheidsjild (gemeente Ljouwert, provinsje Fryslân, ministearje fan Ekonomyske Saken en Europa), foar in kwart út bydragen fan bedriuwen en foar in kwart út in bydrage út it ûnderwiis. Yn totaal is dat sa'n 14 miljoen euro yn it jier.

''Tefreden''

De gemeente Ljouwert en de provinsje binne tefreden oer de resultaten fan Wetsus en wolle graach mei it ynstitút fierder. Deputearre Sander de Rouwe seit dat it fansels altyd better kin, ''mar wy witte dat Wetsus in ynstitút is fan de lange adem''. De bydragen fan Ljouwert en Fryslân lizze oant 2021 fêst. Oer de hichte fan de stipe dêrnei, oant 2030 ta, wurdt op dit stuit ûnderhannele. De partijen hoopje dat dêr kommende hjerst dúdlikens oer komme sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)