Ofsluting fan werynrjochting Deinum-Boksum

07 jul 2017 - 15:22
De diken by Deinum - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

It projekt werynrjochting Deinum-Boksum is freedtemiddei feestlik ôfrûne mei de ynwenners fan Deinum, Boksum en Blessum. In tal pommeranten fytste mei in groep skoalbern by wize fan in iepening troch it fersierde tunneltsje by Pypsterbuorren.

Dat is in bysûndere lokaasje, want dêr wie yn 1586 yn de Tachtichjierrige Oarloch de Slach by Boksum, tusken in groep Friezen en Spaanske soldaten. By de oanlis fan de tunnel waarden bonkerakken fûn fan sân Friezen dy't doe sneuvele binne.

Trefwurden: 
werynrjochting Deinum Boksum
(Advertinsje)
(Advertinsje)