Aldereinhûs Spiker yn Ternaard bliuwt mooglik dochs iepen

07 jul 2017 - 15:11

Mooglik kin de âlderein fan Ternaard dochs bliuwe op it plak dêr't se no wenje. Der is in ûndernimmer dy't âldereinhûs Spiker keapje wol. Simmy de Vries-Visser út Sigerswâld wol it gebou graach oernimme fan de Kwadrantgroep. De soarch foar de âlderen wol se trochsette yn gearwurking mei de wurkgroep Ouderenzorg Ternaard. Op dy wize moat it foar net al te folle jild mooglik wêze.

Oant no ta hat de Kwadrantgroep net reagearre op it fersyk fan De Vries. Dat fynt se spitich. "De Kwadrantgroep hat in misje en in fyzje en se sizze dat se sosjaal wolwêzen heech yn it findel stean hawwe. Dat haw ik ek. Ik wol graach dat de minsken dêr wenjen bliuwe kinne. Kwadrantgroep docht it doarp en de minsken dy't der wenje in protte goed as se meiwurkje wolle.

Ellen Tabak sit yn de Aldereinwurkgroep Ternaard. Se is wiis mei it idee fan Simmy de Vries. "De kleinschaligheid die De Vries voor ogen heeft, is supergoed. Geen mensen in de top, maar gewoon verzorgers op de werkvloer die alles regelen. Dat lijkt me een prima idee."

Letter freed sil de Kwadrantgroep ek reagearje by Omrop Fryslân. Dêroer letter mear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)