Snitswike hat sponsors nedich foar spektakulêre iepening

De sfearfolle iepening fan 'e Snitswike yn it sintrum fan Snits © Jan Douwe Gorter
It wurdt finansjeel dreger om de iepening fan de Snitswike te hâlden sa't dy wie. No is der alle jierren in floatskou, feest yn de binnenstêd en in grutte fjoerwurksjo. Dat wurdt foar in part betelle troch donaasjes fan de stichting 'Vrienden van de Sneekweek', besteande út ûndernimmers dy't de Snitswike in waarm hert tadrage. Mar it oantal freonen nimt ôf. De stichting besiket no sponsorpakketten te ferkeapjen oan nije ûndernimmers, sadat der wer jild binnenkomt.