Stewards helpe boatsjeminsken dizze simmer yn 'e sluzen

07 jul 2017 - 14:52
De Lorentzslûzen by Koarnwertersân - Foto: Rykswettersteat

Rykswettersteat set fan it simmer wer stewards yn by de Prinses Margrietslûs op De Lemmer en by de Lorentzslûzen by Koarnwertersân. De stewards assistearje boatsjeminsken by it kiezen fan in plak yn de slûskolk en by it oanlizzen. Se helpe de minsken sa om flot en feilich troch de sluzen te gean. Rykswettersteat nimt de maatregel fanwegen de simmerdrokte. De stewards binne aktyf oant begjin septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)