"Myn broer kin wol premier wurde, dy hat alle diploma's"

07 jul 2017 - 14:47

Praat is der de lêste moannen genôch, mar ta in nij kabinet is it noch altyd net kaam. De fraach is oft ús lân eins wol sa lang sûnder in echt kabinet kin. Op de Ljouwerter freedsmerk waard wer in grut ferskaat oan reaksjes optekene: "Dat is niet erg hoor, u en ik leven toch nog?" en "At it oan Wilders lein hie, wie it al lang klear west, hear!" Mar ek: "Alles rint gewoan troch, it makket net safolle út." Twa Belgyske toeristen fûnen dat ek: "Wij weten uit ervaring: het gaat beter zonder. Zeker en vast!"

In echte trochpakker pleite foar in soarte fan 'sake-kabinet' mei minsken út de praktyk. "Myn broer kin wol premier wurde, dy hat alle diploma's!" En dan wie der noch in opmerklike leafdesferklearring foar it Forum voor Democratie. "Ik wil Thierry Baudet wel adopteren en dan adopteert Theo Hiddema mij weer. Dan zij we één grote familie". Mar al te drok makken de measten har net; "Ik lêch der gien nacht wakker fan. Ut sil my wust weze..."

Trefwurden: 
freedsmerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)