Alve minsken by oerheid binne lid fan kriminele motorbende

Motorklup © ANP
De oerheid yn Noard-Nederlân hie ferline jier alve minsken yn tsjinst fan wa't bekend is dat se lid binne fan in kriminele motorbende. Fjouwer minsken wurken foar in gemeente, seis wiene yn tsjinst fan definsje, in oar by in oare ynstânsje. Dat stiet in in rapport dat makke is yn opdracht fan it ministearje fan justysje. Neffens dat rapport is mei sawat alle minsken praat. Dat hat yn guon gefallen laat ta betingsten dêr't de motorklupleden har oan hâlde moatte. De oerheid kin de minsken net samar ûntslaan. Lidmaatskip fan sa'n motorklup allinne is dêr net genôch reden foar.