Grutte útwreiding Snitser masinebedriuw

07 jul 2017 - 14:28

It giet goed mei masinebouwer Movacolor út Snits. Sa goed sels dat it út syn jaske groeit en takom jier nei in nije lokaasje op yndustryterrein De Hemmen ferhuzet. Movacolor makket dosearsystemen foar de keunststofferwurkjende yndustry en ferkeapet in soad produkten oan Azië. Op dit stuit wurkje der goed tritich minsken by Movacolor. It nije gebou moat trije kear sa grut wurde en wurdt folslein enerzjyneutraal. Direkteur Gerhard Dersjant ferwachtet yn 'e takomst sa'n 30 oant 50 man ekstra personiel oannimme te kinnen.

Trefwurden: 
Movacolor Industry
(advertinsje)
(advertinsje)