Frou út Berltsum oppakt foar stellerij fan bierblikjes
De plysje hat tongersdeitejûn yn Ljouwert in 25-jierrige frou út Berltsum oanhâlden, om't se twa blikjes bier út in supermerk stellen hie. Om't se earder oanhâlden wie foar stellerij moat de frou ynkoarten foarkomme by de plysjerjochter.