Twa swier fertutearze rasponnys fuorthelle

"De mest lag op sommige plekken wel tot een meter hoog", dat seit ien fan de ynspekteurs fan de Dierenbescherming oer in saak yn de gemeente Opsterlân. Yn juny waarden dêr twa ponnys fûn dy't los faninoar yn ferboude garaazjes hâlden waarden. De bisten krigen genôch iten en drinken, mar de facht en hoeven wiene lange tiid net byhâlden. Ek wiene de stallen swier fersmoarge, en stie de dong op guon plakken wol in meter heech. Ien fan de ponnys moast ôfmakke wurde. De oare koe rêden wurde en is ûnderbrocht by in opfangadres.
Troch omstannichheden yn de priveesfear fan de eigener wie de fersoarging fan de bisten in tiid net byhâlden. En dat wylst de âldere man eartiids keuringen ôfgie mei dizze rasponnys. Nei goed oerlis hat de man ôfstân dien fan de bisten. Der is wol proses-ferbaal tsjin him opmakke.