Frykse HaFaBra- en showorkesten op Wrâld Muzyk Konkoers

07 jul 2017 - 11:32
(Argyffoto) Brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost - Foto: Else Maria

Dit wykein set foar de 18de kear it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade útein. Yn fjouwer wykeinen stride HaFaBra- en showorkesten út binnen- en bûtenlân om it wrâldkampioenskip. Freed en sneon komme ferskate Fryske brassbands op it poadium fan de Rodahal: Brassband De Wâldsang út Bûtenpost, de Spijkerpakkenband út Opsterlân, Brassband Pro Rege fan It Hearrenfean, CMV Euphonia út Wolvegea, Christelijke Brassband Gloria Deï fan Gerkeskleaster-Strobos, Christelijke Brassband De Nije Bazún út Britsum en Greidebrass út de Greidhoeke.

Yn de mars- en showwedstriden sille it North Frisian Percussion Corps út Dokkum, Advendo Snits, Jong Advendo Snits, Pasveerkorps Ljouwert, Showband Sternse Slotlanders Frjentsjer en Oranje Minnertsgea yn aksje komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)