Deinum wiis mei Heak om Ljouwert

07 jul 2017 - 11:12

Yn Deinum binne se der wakker bliid mei dat de Heak no om Ljouwert leit. Freedtemiddei wurde de wurksumheden offisjeel ôfsletten. Doarpsbewenners wiene earst benaud dat de nije dyk it doarp ynslute soe, mar dat barde net. It doarp kin sels noch útwreidzje. By de sportferiening binne se dêr al mei oan de gong. In nije sweltsjemuorre moat it slotstik wurde fan de wurksumheden.

Trefwurden: 
Deinum Heak om Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)