Nije webside DDFK om maatskiplike helpfragen del te lizzen

07 jul 2017 - 11:01
Minsken kinne online helpfragen stelle - Foto: noordoosthelpt.nl

Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân hawwe in nije webside opset. Op noordoosthelpt.nl kinne de ynwenners ûnder oare ynformaasje fine oer de ferskate maatskiplike organisaasjes yn de gemeenten. Fia de site kinne minsken ek ûnderinoar help of mantelsoarch regelje. Wa't help nedich hat of krekt wat dwaan wol foar in oar, kin dat op de webside melde. It giet dan bygelyks om boadskippen dwaan, túnkje of ferfier nei it sikehûs. Alle ynwenners fan de fjouwer gemeenten krije sneon in kaart op 'e doarmatte om harren te wizen op de side.

Trefwurden: 
noordoosthelpt.nl webside
(Advertinsje)
(Advertinsje)