Waadferiening hâldt hoop nettsjinsteande gasstimmerij Keamer

De Twadde Keamer hat tongersdei alle moasjes oer de gaswinning fuortstimd. De fragen dy't op tafel kamen wiene ûnder oare oft der ophâlden wurde moat mei de gaswinning yn it Waadgebiet, oft der eader yngrepen wurde moat by de gaswinning, en oft de gaswinning ôfboud wurde moat.
De Waadferiening is teloarsteld oer it fuortstimmen fan de moasjes, mar sjocht wol in ljochtpuntsje: "Als ik het kamerdebat goed gehoord heb, dan zou ik eigenlijk denken dat de NAM beter kan stoppen met de plannen voor gaswinning." Sa seit Frank Petersen fan de Waadferiening. "Als ik hoor hoe weinig vertrouwen er in de politiek is dat de NAM nog wat goed kan doen in het Noorden van Nederland, dan put ik daar hoop uit."
Neffens de Waadferiening sit Shell achter de knoppen by de NAM. Der is dan ek yntinsyf kontakt mei it bedriuw en de oandielhâlders, en wat de natuerbeskermers hearre fanút dy oandielhâlders jout harren ek in goed gefoel oer de takomst: "Als je hoort hoe kritisch de aandeelhouders zijn over de plannen om nu nog in 2017 in het mooiste natuurgebied van Nederland gas te gaan winnen, dan is dat niet een klein lichtpuntje, maar een regenboog."