Samba tusken Feanwâlden en Ljouwert

07 jul 2017 - 08:36

Treinreizgers tusken Feanwâlden en Ljouwert hawwe har freedtemoarn miskien wol efkes yn de tropen waand. Net omdat se noch sieten te sliepen mar omdat se wekker makke waarden mei sambaklanken en bylden. Om kertier oer achten setten 18 muzikanten en dûnsers út Brazilië de trein nammentlik op de kop mei in samba-flashmob.

De aksje waard dien om minsken entûsjast te meitsjen foar it Moai Fuort Simmerfestival. Dat is in ynternasjonaal dûns- en muzykfestival yn Burgum dat noch dit folsleine wykein duorret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)