Kollum: 'Oergong'

07 jul 2017 - 08:25

"Okkerdeis siet ik by de dokter mei dizige klachten. ‘Hoe oud ben je nu?’ frege er nei myn kleisang. ‘Hast 46,’ sei ik. ‘Jahaa…,’ sei er gnyskjend.  ‘Jahaa!’  stiet yn dit gefal foar de oergong. Eins hie ik de smoar wol yn want ik haw fierder ek net in sinnich antwurd krigen. Ik frege oft ik net efkes bloedprikke koe om te sjen hoe’t it derfoar stie mei myn 'horrormoanen' sadat ik wist wêr’t ik oan ta wie mar dat wie neffens him net mooglik.

Op ’t heden giet it wol knap al roppe de bern wol gauris dat se tinke dat ik yn ‘e oergong sit. Se fine dat ik der yn om begjin te eameljen mar dat fyn ik net. Ik fyn ek net dat ik de perioade dy’t deroan stiet te kommen fertsjinne haw. Ik haw dêr alris earder wat oer skreaun mar no kom ik hieltyd fierder yn ‘e gefaresône en dat stimt my net gerêst.

Der binne froulju dy’t sa slim opflamje dat se folslein wiet fan ’t swit binne. En as’t it rychje mei klachten ôf giest dan freegje ik my ôf wêr’t wy it oan te tankjen hawwe dat wy yn de oergong komme nei al dy ellinde dy’t we al dy jierren al hân hawwe. As je deroer lêze en guon deroer hearre dat is it in tiid fan ferfal wylst ik fyn dat it libben in feest wurde moat as einlings dy reade flagge yn ‘e houtkachel kin.

In soarte fan twadde pubertiid mar dan mei mear ûnderfining en ferstân. Alle wykeinen op stap en dûnsje oant je derby del donderje sûnder dat alle bonken sear dogge en je in wike bekomme moatte. It skynt dat je der sels wol in protte oan dwaan kinne troch genôch te bewegen en goed om je sûnens te tinken mar guon saken sille je dochs wol gewoan oerkomme.

Sa waard ik dus op in gegeven momint alle moannen om fiif oere wekker en dan bruts it swit my út. It hat in pear wiken duorre en doe wie it wer oer mar krektlyn haw ik wer sa’n perioade hân. Dat wie gewoan oerdei en dan wist ik net hoe gau ik de klean útdwaan moast. De menstruaasje is ek wolris op ‘e rin. Ik wit net wêrhinne en moat dan mar wer ôfwachtsje wannear’t dy weromkomt … of net. Mei dyn bern kinst teminsten nochris appe hoe let se thúskomme.

Hjir en dêr praat ik wolris mei oare froulju oer it fenomeen mar alle ferhalen binne oars. En ik sit der noch net op kop en earen yn dus as ik nearne lêst fan haw dan bin ik der ek net hiel bot mei dwaande. Mar it is wol sa dat je ynienen fiele dat der dingen feroarje. En as sa’n dokter dan allinnich mar sa’n synysk antwurd jout, dan soe ik him dochs wier wol graach in pear klapkes ferkeapje wolle. Op sa’n momint hawwe je dêr neat oan.

Mar wat ik no echt it alderslimste fyn, is dat it wurd ‘opvlieger’ net yn myn Fryske wurdboek stiet! Dus ha ‘k it oer opflamjen want dat dekt de lading better as opfleane. Mar it is al sa dat as ik opflamje, de rêst fan de wrâld wol opfleane kin.  Ik fiel my net serieus naam troch de Fryske Akademy en wol graach dat der in offisjeel Frysk wurd foar ‘opvlieger’ komt. We stelle ús net oan, it bestiet!

En as lêste wol ik sizze dat dy aaklike 'horrormoanen' earder skelle as dat wy wat sizze kinne, dus we kinne der neat oan dwaan, fierder… Kloatsekken…ho…"

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum
(advertinsje)