Drachtster Sosjaal Pensjon bestiet fiif jier

06 jul 2017 - 23:13

It Sosjaal Pensjon Drachten bestiet fiif jier en dat wurdt freed fierd mei in iepen dei. Bewenners en personiel sette de doarren freedtemiddei tusken healwei twaen en healwei seizen iepen foar elkenien dy't sjen wol hoe't it is om yn it pensjon te wenjen. Yn it pensjon wenje op dit stuit 24 minsken, benammen manlju. It binne minsken dy't tydlik gjin dak of hûs hawwe en faak finansjele of ferslavingsproblemen hawwe.

De problematyk fan de bewenners wurdt de lêste jierren wol swierder. Fanwegen besunigingen op de soarch komme hieltyd faker minsken op 'e strjitte te stean mei as gefolch dat de sosjale pensjonnen dizze minsken opfange moatte. De ôfrûne fiif jier hat der noch nea in bêd net beset west yn Drachten, mar se kinne it oant no ta noch goed oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)