Neier ûndersyk nei hotel Van der Valk op It Hearrenfean

Foardat der in beslút falt oer de komst fan in Van der Valk hotel op It Hearrenfean wol de gemeenteried mear dúdlikheid oer de gefolgen dêrfan. It kolleezje komt dêrom mei in ekstra ûndersyk. Dêrby wurdt foaral sjoen nei in lokaasje oan de Oranje Nassauleane. Dat is wat der tongersdeitejûn yn in kommisjegearkomste fan de ried ôfpraat is.
Gemeenteriedsleden hawwe mear as in oere sprutsen mei in fertsjintwurdiger fan Van der Valk. In soad omwenners en oare hoareka-ûndernimmers hawwe beswieren tsjin de plannen.