Biste-aktivist Peter Janssen opnij oppakt yn Spanje

Peter Janssen, hjir op argyffoto © Omrop Fryslân
Biste-aktivist Peter Janssen fan Stiens hat tongersdeitejûn in bollefjochterij yn it Spaanske Pamplona fersteurd. Dat meldt de NRC tongersdeitejûn. Janssen stiet bekend as de Vegan Streaker en hat mar leafst 27 kear aksjefierd tsjin de bollefjochterij yn Spanje, troch de arena yn te springen.
Dat die hy ditkear ek. Yn septimber wurdt Janssen heard troch in Spaanske rjochter. Dêrnei wurdt besletten oft er ferfolge wurde sil.