Niels Bunschoten nije forward fan basketbalklup Aris

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter basketbalklup Aris hat Niels Bunschoten as forward oanlutsen. De 22-jierige spiler hat de ôfrûne trije jier yn Amearika spile. Der is noch in kontrakt tekene by de basketbalklup. Nei Meschack Lufile komt ek Leroy Peterson it kommende seizoen werom op it Kealledykje.
De by Aris oplate guard hat tongersdeitemiddei dêrfoar syn hanteken setten.