Studinten autotechnyk Friesland College: trijekwart sakke

07 jul 2017 - 06:00

Fan de studinten autotechnyk nivo 2 op it Friesland College is 75 persint sakke foar it eineksamen. De skoalle en studinten binne geweldich skrokken fan it minne resultaat. It Friesland College wie de earste MBO-oplieding dy't gebrûk makke fan it nije eksamen. De oare MBO-opliedingen sille dat pas yn 2018 dwaan.

Oarsaak: nij eksamen?

In mooglike oarsaak foar it minne resultaat is it nije sintraal skriftlik eineksamen, dat dit jier foar it earst ynfierd waard. MBO-studinten fan nivo 2 wurkje it leafst mei de hannen en hawwe dúdlik muoite mei it learen fan in soad teory foar ien grut eineksamen. De kennis op dizze oplieding waard dêrom oant no ta allinnich modulêr toetst yn kombinaasje mei in praktykeksamen oan de ein fan de oplieding.

It Hearrenfean

By it Friesland College op It Hearrenfean wolle se alles op alles sette om de studinten dy't sakke binne sa goed mooglik ta te rieden op de hereksamens nei de simmerfakânsje. Ek wol de skoalle yn petear mei de makkers fan it sintrale eineksamen. Dosint Wilco Baarda fûn guon fragen fan it sintrale eineksamen 'te teoretysk' foar studinten fan nivo 2. Baarda fynt dêrom dat der in oplossing socht wurde moat foar de groep studinten dy't no sakke is foar it earste sintraal skriftlike eksamen. "Mear as de helte sakje litte, jout my as dosint gjin goed gefoel."

Baarda wiist der tagelyk op dat de oplieding autotechnyk sels ek teoretysker wurdt troch de opkomst fan in nije generaasje elektryske en hybride auto's. De opliedingen autotechnyk wurde dêrtroch teoretysker. Dêr falt net oan te ûntkommen, sa seit Baarda.

Unakseptabel

De heit fan ien fan de studinten, steatelid Richard Klerks fan de ChristenUnie, fynt it ûnakseptabel dat dit bart. Hy wol dat der sjoen wurdt nei it eksamen en dat it Friesland College wat docht om de studinten yn 'e mjitte te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)